Drokte om beammen Easterwâlde

25 mrt 2007 - 12:41

16 âlde linebeammen oan de Rijwei yn Easterwâlde soargje foar in soad kommoasje. De bewenners fan de strjitte wolle graach de beammen kapt wurde en dat der nije beammen foar yn 't plak komme. Minsken fan bûten de Rijwei binne hjir poer op tsjin, want dat betsjut de safolste kap fan linebeammen yn it doarp.

Fiif beammen oan de Rijwei binne al omhelle om't se siik wiene. Neffens de buert binne der mear sike beammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)