Drokte by kompjûterwinkels

18 mrt 2014 - 12:57

Kompjûterwinkels hawwe it op it stuit smoardrok mei it oersetten fan windowskompjûters. Minsken dy't noch in kompjûter hawwe dy't op it programma Windows XP wurket, moatte harren kompjûter foar 8 april oersette litte om't se oars grutte feilichheidsrisiko's rinne. Sels de Amerikaanske oerheid hat minsken en bedriuwen hjirfoar warskôge. In protte minsken hawwe noch in kompjûter dy't op Windows XP rint.

Microsoft wol nei 8 april gjin updates mear útfiere foar dit systeem, dat betsjut dat kriminelen makliker ynbrekke kinne op dizze kompjûters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)