Drokte iepen dei Hearrenfean

09 jul 2011 - 16:32
  • Geert Arend Roorda

Tsienûzen minsken wiene sneon by de iepen dei fan SC Hearrenfean. Nettsjinsteande it minne waar oan it begjin fan 'e dei wie it smoardrok yn en rûnom it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Der wiene tal fan aktiviteiten, fral bedoeld foar bern.

De presintaasje fan de spilers wie it hichtepunt. It publyk wie entûsjast. Foarsitter Veenstra sei dat it positive gefoel weromkomme moat by de klup. De Friezen spilen twa minne seizoenen yn de middenmoat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)