Drokte by gersdroegerijen

15 sep 2006 - 13:30

De Fryske gersdroegerijen hawwe it op it stuit smoardrok. Troch it waarme waar fan de ôfrûne dagen is der in soad oanfier fan gers. De boeren binne folop oan it meanen en wolle har gers graach kwyt.

Ek septimber wie in ridlike moanne, mar dêrfoar bleau de produksje wat achter. By de droegerij yn Easterwâlde draaie se op it stuit sels langer troch yn it wykein om de oanfier oan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)