Drokte by generale Kening Lear

19 maaie 2003 - 00:00

De premjêre is sneon, mar snein koene sa'n 1400 minsken al sjen wat it stik Kening Lear fan Tryater te bieden hat. Snein wie de earste generale repetysje, en regisseur Jos Thie wie tefreden.

Thie sil noch wol wat parten út de foarstelling skrasse. It die bliken dat de foarstelling noch wat oan de lange kant is. De ferwachte parkearoerlêst by it Frysk Hinstesintrum yn Drachten bleau út. Kening Lear wurdt 26 keer opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)