Drokte foar Jochem Myjer

06 sep 2014 - 10:56

De site fan skouboarch de Lawei yn Drachten is op it stuit oerbelêste. Dat komt troch de kaartferkeap foar de foarstellings fan kabaretier Jochem Myjer. Dy begong sneontemoarn om tsien oere op de site en fia de tillefoan. Ek dy is oerbelêste.

Op de site wurde minsken yn in wachtrige setten. Guon minsken kamen moarns om sân oere al nei it teater ta om sa oan kaarten te kommen. Jochem Myjer stiet op 16, 17 en 18 desimber yn de Lawei, mei syn nije teaterprogramma Even Geduld aub.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)