Drokte foar Hynstedagen

26 jul 2007 - 16:23
  • De bouwers op it Wyldewestenhúske
  • Der is ek in kompleet brechje oanlein

It hynsteparkoers yn Driezum en Wâlterswâld is hast klear. Freed begjinne dêr de Hynstedagen mei de iepen Fryske Kampioenskippen Hynstemaraton. Der binne ek in pear hindernissen yn Damwâld. It parkoers wie troch de reinfal tige wiet en dêrom wiene oanpassings nedich.

Oan 'e maraton dogge 132 spannen mei. Oer it hiele wykein besjoen wurde 20.000 minsken ferwachte. Sneon is der in boeredei mei jûns in hynstekonkoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)