Drokte foar elektroanikawinkels

10 sep 2006 - 08:45

By elektroanikasaken op it Bilt tilde it sneon op fan de minsken dy't dupearre binne troch de stroomsteuring fan freed. In soad klanten kamen foar nije apparatuer, modems en adapters.

By in steuring freed waard yn guon doarpen in soad elektryske apparatuer fernield. Troch in probleem yn in sintrale kaam der tweintich minuten fiersten te folle spanning op it spanningsnet te stean. Op guon plakken is wol 380 volt metten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)