Drokte foar brânwacht

31 jul 2002 - 00:00

De brânwacht moast op tal fan plakken yn de provinsje yn aksje komme fanwegen de buien tiisdeitejûn. Kelders yn de súdeast- en súdwesthoeke wienen folrûn. Yn Tsjalbert wienen beammen omwaaid, krekt as yn Drachten en Snits.

De freonskiplike wedstriid fan Cambuur yn Frjentsjer waard nei tsien minuten stillein yn ferbân mei de tonger. Goed 2000 taskôgers binne nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)