Drokte foar brânbefeiligingssaak

13 jan 2001 - 14:51

In soad Fryske hoareka-ûndernimmers roppe de help yn fan in brânbefeiligingsbedriuw op It Hearrenfean. Nei de kafeebrân yn Volendam wolle de eigners witte hoe't se de saak feiliger meitsje kinne. It bedriuw kontrolearret op needútgongen, needferljochting en brânblussers.

De brânwacht fan It Hearrenfean wol yn de takomst kontrolearje as de kroegen en diskoteken iepen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)