Drokte foar boubedriuwen

29 okt 2013 - 06:47

De boubedriuwen yn de provinsje krije it de kommende wiken drok. De skea fan de grutte stoarm fan moandei moat wer makke wurde.

By boubedriuw Friso fan Snits makke de alarmsintrale moandei al oeroeren. De tsien telefoanisten krigen hast fjouwerhûndert meldings binnen. Tiisdei giet al in grutte ploech op 'en paad om de grutste problemen te ferhelpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)