Drokte foar befeiligingsbedriuw

08 aug 2000 - 10:45

Befeiligingsbedriuw Schaaf kin de drokte net mear oan. It bedriuw moat de lêste tiid hieltyd faker wurk wegerje omdat der te min minsken binne. Foaral de Snitswike en it skûtsjesilen smite in soad ekstra wurk op.

Schaaf hâldt him sûnt koart ek dwaande mei arrestantebeweitsing, omdat de plysje it dêr te drok foar hat. Schaaf wol tenei ek wol arrestanten ophelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)