Drokte fanwege museumwykein

23 apr 2001 - 00:00

De Fryske musea hiene it ôfrûne wykein in protte folk oer de flier. It wie museumwykein en dan binne se fergees tagonklik. It Natuermuseum yn Ljouwert hie 1400 besikers. Twatûzen beseagen de skilderijen fan Jopie Huisman yn Warkum.

Yn it tongbliergebiet wiene de musea ticht. It Fiskershúske yn Moddergat bliuwt foarearst ek sletten. De weriepening wurdt fia de media bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)