Drokte fanwege kaarten U2

06 feb 2005 - 09:34

By ferskate postkantoaren yn Fryslân wie it sneon drok mei minsken dy't kaarten ha woene foar it konsert fan U2. De Ierse band treedt op 13, 15 en 16 july op yn de Amsterdam Arena.

In soad fans sieten freedtemiddei al foar de doarren fan de postkantoaren. Op ynternet wurde kaarten oanbean foar tige hege prizen. CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean fynt dat dy swarte hannel oanpakt wurde moat. Hy hat der keamerfragen oer steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)