Drokte by Dokterswacht

26 maaie 2005 - 12:29

De Dokterswacht Fryslân hat it smoardrok fanwege de doktersstaking. De wacht docht de dokterssoarch foar jûns en nachts. De meiwurkers koene de telefoantjes amper oan. De dokters stake oant en mei freed, mar in soad minsken kinne net sa lang wachtsje op medysk advys.

De dokterswachten sitte op it Hearrenfean, yn Dokkum, Ljouwert, Snits en Drachten. Der binne ekstra assistinten en in ekstra dokter ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)