Drokte by De Friesland

24 jan 2006 - 09:37

De polisadministraasje fan soarchfersekerder De Friesland wurket de kommende tiid mei twa ploegen. Dat is nedich om alle oanmeldingen en wizigingen fanwege de nije soarchpolis ferwurkje te kinnen.

De ôfrûne twa moannen binne der sa'n 60.000 oanmeldingen en 100.000 wizigingen binnenkaam. De Friesland tinkt dat it noch drok bliuwt oant 1 maart. Oant dan is it mooglik om nei in oare fersekerder oer te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)