Drokte by Belestingtillefoan

24 jan 2014 - 14:17

De drokte by de Belestingtillefoan ûntgiet ek Fryske belestingadviseurs net. De ekstra tillefoantsjes by de Belestingtillefoan gean benammen oer de nije anty-fraude maatregel. Minsken moatte ien banknûmer trochjaan dêr't sy de ferskillende taslaggen op ûntfange wolle.

Neffens akkountantskantoar Weistra & Van der Meer yn Ljouwert is it dizze perioade altyd drok by de Belestingtsjinst. Mar dit jier leverje ek de ynfiering fan IBAN-nûmers en de mutaasje fan banknûmers fan de Friesland Bank nei Rabobank ekstra wurk op.

Wurdfierder Nick Kouwenhoven fan de Belestingtsjinst seit dat minsken op 'e tiid op 'e hichte steld binne fan de nije anty-fraudemaatregel. Hy mient dat se yn it grutste part fan de gefallen sels net gau genôch aksje ûndernaam hawwe. De belestingtsjinst is op dit stuit dwaande om nij personiel op te lieden dy't de ekstra drokte opfange kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)