Drokte by bank troch sparlean

20 okt 2011 - 10:59

It is smoardrok by de Friesland Bank fanwege it grutte tal wurknimmers dat noch gau eefkes gebrûk meitsje wol fan de 'spaarloonregeling'. Gewoanwei ferwurket de bank 4 oant 5 oanfragen deis, mar dizze wike is dat al oprûn nei 150. De sparleanregeling hâldt op nei dit jier mar wa't no noch ynstapt, kin troch it belestingfoardiel al gau mear as 200 euro yn 'e bûse stekke.

De bank set op 'e ôfdieling ekstra minsken yn om alle oanfragen op 'e tiid te ferwurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)