Drokte by autogaraazjes troch izel

08 jan 2016 - 17:59
  • De garaazje fan Auto Synyco yn Frjentsjer

Fryske garaazjes moasten freed ekstra hurd wurkje. No't de izel wer fuort is, fernimme de garaazjes dat de ôfspraken dy't de ôfrûne dagen ôfsein binne, freed en de kommende dagen allehear ynhelle wurde moatte. De klanten stean foar de doar en de tillefoan stiet net stil.

By Auto Synyco yn Frentsjer wie it freed smoardrok, seit direkteur Johan Tuinstra fan it bedriuw. It personiel hie neffens him hast gjin tiid foar it middeisiten.

"Aginda sit fol"

It bedriuw hat in soad auto's ferkocht yn de moanne desimber en dy soene dizze wike ophelle wurde. ''Dat koe no net troch it waar. Minsken hiene der gjin nocht oan om de auto op te heljen. It risiko dat de auto skea oprûn mei de izel wie foar de klanten te grut'', sa seit de direkteur. 

Ek foar nije wike is de aginda fan it bedriuw hielendal fol. Dat it de ôfrûne dagen sa rêstich wie by de garaazje soarget net foar problemen by it bedriuw. ''Online giet by ús it wurk gewoan troch en boppedat soarget de kjeld foar mear wurk yn dizze sektor. 

Fertraging by levering

De ûnderdielen foar de auto's binne de ôfrûne dagen by de measte garaazjes wol levere, somtiden mei in bytsje fertraging. ''Wy hawwe bygelyks twa kear befoarrieding op in dei krigen, yn stee fan fjouwer kear'', sa seit Tuinstra. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)