Drokste dei fan it jier: 1 miljoen pakketten by Post NL

02 des 2014 - 06:58

It bedriuw Post NL sil tiisdei op ien dei 1 miljoen pakketten besoargje yn Nederlân. Dêrmei is it de drokste dei fan it jier by it distribúsjesintrum fan Post NL yn Ljouwert. Dat hat fansels alles te krijen mei it feit dat it freed 5 desimber is en Nederlân dat wykein Sinteklaas fiert. De ynternetwinkels dogge it hiel goed en dêr profitearret in bedriuw as PostNL fansels fan.

Om alles op 'e tiid te plak te krijen, wurdt der mei man en macht wurke yn de Ljouwerter festiging. Nei Sinteklaas komt dêrnei nochris de drokte mei de krysttiid.

It is op dit stuit noch net te foarsjen as dit yn de buert fan de Sinteklaasdrokte komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)