Drokker op it wetter troch waarme winterwaar

29 des 2015 - 12:44
  • Troch de waarme winter binne der noch in soad boatsjes op it wetter by Harns
  • Sylskoalle Pean fart gewoan troch mei de wintervalk

It is drokker op it wetter as oare jierren. Dat sjocht de havenmaster fan Skylge. Ek yn wettersportplakken as De Lemmer, Snits en Makkum is dat te fernimmen. Omdat it bûten noch hieltyd mear maitiid as winter liket, hawwe in soad minsken de boat noch yn it wetter en gean se der gauris op út om te silen of te sloepkefarren.

Yn de Noorderhaven yn Harns wurdt der ek fakânsje hâlden op 'e boat. Bysûnder is it al, want de temperatueren ha noch nea sa heech west yn desimber. 

By sylskoalle Pean yn Akkrum-Nes giet de boatsjeferhier gewoan troch. Yn de krystfakânsje koenen belangstellenden al geregeld mei de wintervalk it wetter op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)