Drokke tiden foar Faber

07 jul 2010 - 12:51
  • (foto: Faber Audiovisuals)

Foar Faber Audiovisuals binne dit gouden tiden. It bedriuw út Sint Anne ferhiert grutte skermen. In soad gemeenten wolle dy skermen hiere foar in grut fuotbalfeest kommende snein. De Nederlânske fuotballers steane dan yn de finale fan it WK fuotbal yn Súd-Afrika.

It bedriuw docht alle war om safolle mooglik oan de fraach te foldwaan. Se besykje skermen út it bûtenlân wei te heljen. It is de drokste simmer oait foar it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)