Drokke strjitteaterdei Snits

05 aug 2011 - 06:52

Tûzenden minsken ha tongersdei yn Snits de strjitteaterdei fan de Sneker Simmer meimakke. Op de teaterdei wiene sa'n tweintich acts te sjen. In grutte publykslûker wie it stuollereferindum fan it teater Sneek. Minsken koene proefsitte op trije ferskillende stuollen, dy't it nije teater op it each hat om aanst yn it nije gebou te setten. 550 minsken ha meidien.

Ien stoel krige dúdlik de foarkar fan it publyk. Mar de organisaasje hâldt noch even geheim hokker dat is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)