Drokke nacht helpferliening

01 jan 2013 - 14:38

De âldjiersnacht stie foar de helptsjinsten foaral yn it teken fan it ûngelok yn Raard by Dokkum, wêrby 17 minsken ferwûne rekke binne. Fierders moast de brânwacht 86 kear yn aksje komme foar foaral lytse brannen. Op De Harkema wie brân yn in skuorre en by in sportkantine. Yn Wolvegea ûntstie brân op in balkon en op It Hearrenfean wie noch in wenningbrân. Yn totaal moasten yn de fiif Fryske sikehuzen 25 fjoerwurkslachtoffers behannele wurde en by de dokterswacht noch ris 24 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)