Drokke kuiertocht tsjin kanker

06 okt 2007 - 14:05
  • Drokte by de ynskriuwing ....
  • .... en ûnderweis

Mear as 1400 dielnimmers hawwe sneon meidien oan in kuiertocht tsjin boarstkanker. De belangstelling foar de tocht wie dêrmei folle grutter as de organisaasje ferwachte hie. De kuierders rûnen 25 kilometer, fan Sint Jabik nei Ljouwert.

Njonken kuierders diene ek hurdrinners en nordic walkers mei oan de tocht. Fan it ynskriuwjild fan fyftjin euro giet op syn minst de helte nei boarstkankerprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)