Drokke kuiertocht

19 apr 2008 - 11:44

De Lytse Doarpen Rintocht troch Littenseradiel en omkriten hat dit jier mear kuierders lutsen as foargeande jierren. De tocht gie sneon troch in tsiental doarpen ûnder Ljouwert. By de start yn Weidum kamen in lytse 300 kuierders op de bonnefoai, oare jierren wiene dat der de helte minder.

Yn totaal diene hast 1200 minsken mei en dat is in rekord. De organisaasje tinkt dat it komt om't minsken noch oefenje wolle foar de Slachtemaraton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)