Drokke iepen dei Fûgelhelling

15 maaie 2010 - 17:02
  • Foto: Fûgelhelling

Sa'n 1500 man binne ôfkaam op 'e iepen dei fan de Fûgelhelling yn Oerterp. Neffens behearder Hetty Sinnema koe der de hiele dei oer de koppen rûn wurde. Parkearwachten moasten it ferkear yn goede banen liede. Der wiene in opfallend soad toeristen op 'e iepen dei.

Neist de bisteopfang wie der ek in maitiidsmerk mei planten en kreamkes. Troch de opbringst fan alle aktiviteiten hat de Fûgelhelling aardich buorke mei de iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)