Drokke diken yn Wommels op de skeppe

19 aug 2015 - 19:27

Ynwenners fan Wommels sille de kommende tiid oerlêst ûnderfine fan wurksumheden oan de dyk. De gemeente Littenseradiel lit de Keatsebaen, de Hottingawei en de Van Sminialeane op 'e nij ynrjochtsje. Doel dêrfan is om hurdriden tsjin te gean en de diken mei drompels en oare maatregels feiliger te meitsjen.

Der is tsien jier praat oer de oanpak fan de trije drokke diken, mar troch jildkrapte liet realisaasje lang op him wachtsje. It projekt kostet yn totaal 5 ton en kin no wol útfierd wurde om't de provinsje de helte fan dit bedrach betellet.

Betingst foar dizze subsydzje is wol dat de wurksumheden foar 2016 klear binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)