Drokke dei foar trou-amtners

20 maaie 2005 - 16:40

Mear Friezen as gemiddeld stappe freed yn it houliksboatsje. Dat komt omdat se 20-05-2005 in moaie datum fine om te trouwen.

Ferskate gemeenten yn Fryslân sizze dat mear minsken as oars elkoar it jawurd jouwe. Yn Snits trouwe freed njoggen stellen, tsjin oars gemiddel trije. Yn Ljouwert krije de amtners fan de boargerlike stân it drok. Dêr trouwe tweintich pearen, oars sa'n acht op in freed yn maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)