Drok wykein foar plysje

24 mrt 2008 - 12:26
  • De jachthaven fan Wergea

Fjouwer boaten yn de jachthaven fan Wergea hawwe dit wykein flinke skea oprûn. Der is besocht yn te brekken yn de boaten en dêrby is de skea ûntstien. Ut de boaten waard ûnder oare ark en in rubberboat stellen. De plysje is op syk nei de dieders.

De plysje hat it ek drok hân mei in fjochtpartij nei in hânbaltoernoai yn Frjentsjer en it oanhâlden fan twa strjitrôvers yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)