Drok ôfskied Keulen-Deelstra

27 feb 2013 - 21:40

Grutte drokte woansdei by seal de Twa Gemeenten yn Jirnsum. Dêr koe foar de lêste kear ôfskied naam wurde fan Atje Keulen-Deelstra. De reedrydkampioene ferstoar ferline wike freed op 74-jierrige leeftyd. Benammen in soad doarpsgenoaten fan Keulen-Deelstra kamen nei de Twa Gemeenten ta. Mar ek âld-reedriders kamen nei Jirnsum om ôfskied te nimmen en oantinkens op te heljen.

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma wie der ek. Neffens him wie Keulen-Deelstra in 'echte Fryske trochsetter'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)