Drok mei iisslachtoffers

09 feb 2012 - 11:56

By de Fryske sikehuzen binne ek woansdei wer tsientallen minsken binnenbrocht dy't behannele wurde moasten nei in falpartij op it iis. Yn it Antonius Sikehûs yn Snits wiene it de measte: dêr gie it om 35 iisslachtoffers. Yn it MCL yn Ljouwert moasten 27 minsken nei de Earste Help. De Tjongerskâns telde woansdei 18, Nij Smellinghe yn Drachten 15, en de Sionsberg yn Dokkum hie 10 iisslachtoffers.

Yn de measte gefallen gie it om brutsen polsen en ferwûnings oan it skouder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)