Drok mei huldiging fan Epke

16 aug 2012 - 12:35

It Hearrenfean makket him op foar tûzenen feestfierders dy't tongersdei by de huldiging fan Epke Zonderland ferwachte wurde. Neist de gouden medaljewinner wurdt ek Céline van Gerner huldige. Se waard 12e yn de mearkampfinale. Gemeente en hoareka rekkenje op in grut feest. By kafee It Houtsje hingje grutte spandoeken en der is in Epkemenu. Neffens wethâlder Buwalda is der sprake fan it 'Epke-effekt' en sil it bedriuwslibben mear ynteresse ha foar It Hearrenfean as festigingsplak. Op it gemeentehûs binne al ferskate tillefoantsjes binnenkaam.

Nei ûntfangst fan Epke, Céline en de trainers op it gemeentehûs folget om 21.00 oere in tocht troch it sintrum. De rûte giet oer Oude Koemarkt, Dracht, Van Harenspad, gemeenteplein en werom. Om 21.30 oere is de huldiging op de Oude Koemarkt. Dat offisjele part is 22.00 oere dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)