Drok jier foar KNRM

26 jan 2006 - 10:00

De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij hat ferline jier goed 3200 minsken rêden. Dat is likefolle as yn it jier 2004. De measte ynsidinten fûnen plak op de Noardsee, de Iselmar en de Waadsee.

It oantal helpferlieningsaksjes is neffens de KNRM opmerklik heech, omdat it waar yn 2005 yn de regel frij rêstich wie. By de KNRM wurkje njoggenhûndert frijwilligers. Dy beminskje 39 rêdingsstasjons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)