Drogisterijketen DA krijt útstel fan betelling

23 des 2015 - 14:47

Neist de V&D, Scapino en Manfield driget no ek it fallisemint foar drogisterijketen DA. De rjochtbank yn Amsterdam hat it bedriuw woansdei útstel fan betelling ferliend. DA hat 266 winkels, wêrûnder sa'n 25 yn Fryslân. It grutste diel fan de winkels wurdt eksploitearre troch selsstannige ûndernimmers, sân winkels wurde troch it bedriuw sels beheard.

It haadkantoar en distribúsjesintrum fan DA sitte yn Zwolle, de 212 meiwurkers dêr bliuwe foarearst oan it wurk. Hoe't it mei de winkels komt is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)