Droegehamster (57) mishannele

02 jan 2014 - 17:11
  • Geweld

In 57-jierrige man út Droegeham is yn de nacht fan woansdei op tongersdei mishannele en dêrnei bestellen. De mishanneling wie op it treinstasjon yn Zuidhorn. It slachtoffer soe troch twa donkere manlju yninoar slein wêze. Ek namen de manlju syn tillefoan mei.

Wêrom't de Droegehamster mishannele waard, is noch net bekend. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de tadracht fan de mishanneling. Tongersdeitemoarn is in diel fan it stasjon ôfsletten foar it spoare-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)