Droechte: wetterpeil omheech

29 jun 2010 - 13:29
  • Foto: Omrop Fryslân

It Wetterskip hat maatregels naam fanwege it oanhâldende simmerwaar. It hat al in skoft net reind en dêrom is it aardich droech. Wetterskip Fryslân hat no it wetterpeil mei fjouwer sentimeter omheechbrocht. Boeren kinne it lân bereine as se dat wolle. Yn Limboarch mei dat net.

Neffens it Wetterskip kinne se op dy wize foarearst wer fjirtjin dagen foarút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)