Droechte skealik foar ikkerbou

15 jul 2006 - 13:58

De droechte fan dizze simmer hat grutte gefolgen foar de bouboeren. Der wurde minder opbringsten ferwachte fan it lân.

De ierappelboeren sizze dat de skea oant no ta tafalt. Nei alle gedachten sille de hegere prizen de legere opbringsten yn alle gefallen foar in part kompinsearje. As it lykwols noch lang droech bliuwt, sille de jirpelplanten it net oerlibje seit bouboer Upt Hiddema fan 'e NLTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)