Droechte net foar elk probleem

18 aug 2003 - 00:00

De oanhâldende droechte is net foar elkenien in probleem. Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne wiken in buffer oanlein om it wetter op peil te hâlden. Yn hiel Fryslân is it wetterpeil trije sintimeter heger brocht as gewoanwei, want de ferwachting is dat it foarearst noch droech bliuwt.

It Fryske Gea beheart yn ferskate gebieten sels it wetterpeil. Sy ha der foar keazen om grutte parten droech falle te litten, lykas de Kraanlannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)