Droechte min foar greidefûgels

26 apr 2011 - 13:29

Troch de droechte set Willem Bil fan fûgelringstasjon Menork yn Lippenhuzen syn ûndersyk nei ljippen foar in part stil. Bil wol gjin ljippen mear fange by de nêsten. De fûgels hawwe it troch de droechte al sa dreech. De grûn is sa hurd dat se folle minder maklik oan fretten komme kinne.

Neffens ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga hawwe in soad fûgels it brieden útsteld. As se aansen dochs begjinne, is de kâns grut dat de nêsten stikken meand wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)