'Droechfalle Waad net skealik'

01 feb 2004 - 00:00

De natuer op it Waad is ferline jier 28 kear fersteurd. It giet benammen om te folle leven en losrinnende hûnen. De fersteuringen binne konstatearre troch leden fan de feriening fan Wadvaarders.

Dizze feriening mei 1000 leden bestiet út boatsjesminsken dy't op de Waadsee farre en droechfalle. De feriening fynt dat it tal fersteuringen wol tafalt en konkludearret dat droechfallen op it Waad net skealik is. De sifers waarden sneon op de jiergearkomste bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)