Driuwende steiger yn gemeentehaven Skylge

08 jul 2015 - 10:31
  • De haven fan Skylge

Yn de gemeentehaven fan Skylge wurdt woansdei de nije driuwende steiger offisjeel iepene. Dat soe eins in moanne lyn al, mar dat gong doe net troch omdat de boathelling dy't by de steiger leit noch net klear wie.

Oan de nije steiger komme ûnder oaren roeisloepen en âlde rêdingsboaten te lizzen. Omdat dy boaten no in nij plakje hawwe, is der yn de haven mear romte foar sjarterskippen. En omdat de nije steiger mei it tij mei beweegt, kinne de boatsjeminsken maklik oan en fan board stappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)