Driuwende dongsilo yn Winsum

08 maaie 2012 - 15:56

Boer Bouwe Abma fan Winsum hat in bysûndere metoade betocht om syn dongsilo te ferpleatsen. De silo moat fan syn plak omdat Abma de stâl útwreidzje sil. Omdat de silo lestich mei in kraan te ferhúzjen is, besocht Abma by wize fan eksperimint it gefaarte driuwend oer wetter fan it plak te krijen. Dêrom hat er mei help fan dykjes in dobbe makke en dêr safolle wetter ynpompt dat de silo los kaam en begûn te driuwen.

Yntusken stiet de silo op it nije plak en kin er by de nije stâl wer foar opslach brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)