Drinkelingen út Noardsee rêden

09 sep 2001 - 00:00

De rêdingsboat Arie Visser hat sneintemoarn fjouwer minsken fan in frachtskip rêden út in wylde Noardsee. It skip wie boppe Skylge yn 'e swirrichheden rekke.

De bemanning hie it skip ferlitten, mar har flot sloech om. De Arie Visser koe fjouwer minsken út it wetter helje, de oare trije binne ek rêden. De drinkelingen binne opfong op it skip fan de seefeartskoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)