Drinkeling meldet him toch

25 jan 2007 - 10:12

De autobestjoerder út Hallum dy't moandei by Froubuorren mei de auto yn it wetter rekke wie, hat him toch melden by de plysje. Dy koe de man earst net fine en hat nei him socht by famylje en by de man thús. De man hie him in pear oeren beskûl holden en wie dêrnei pas nei de plysje gien.

Hy seit dat it him swart foar de eagen waard, wêrtroch er yn de sleat rekke. Hy is út de auto klom en troch it lân rjochting Froubuorren rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)