Drinkeling Ljouwert stoarn

22 jul 2013 - 17:24
  • Drinkeling Grutte Wielen

In 17-jierrige jonge is moandeitemiddei yn it MCL stoarn neidat er earder dy middei út it wetter fan de Grutte Wielen helle wie. De jonge dy't as ynstrukteur wurke by de sylskoalle fan de Grutte Wielen wie op syn frije dei mei freonen oan it silen en swimmen. Under it swimmen gie er ynienen kopke ûnder en kaam net wer boppe.

Syn freonen hawwe help ynroppen en de jonge is op de kant brocht. Dêr is er reanimearre en doe nei it MCL brocht. Dêr is hy ferstoarn. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)