Dringe om de wyk út te kommen

06 feb 2003 - 00:00

Bewenners fan de wyk De Greiden op It Hearrenfean binne net bliid mei de plannen om it ferkear om te lieden. De gemeente jout de hiele wyk in grutte opknapbeurt en dêr hearre ek ferkearsmaatregels by.

Gefolch is dat it ferkear tenei op folle minder plakken de wyk út kin. Rûchwei sântûzen auto's deis wurde dan twongen oer ien of twa rûtes te riden. De bewenners sitte dêr net op te wachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)