Driigjende rûpepleach

04 maaie 2011 - 15:16

Steatsboskbehear warskôget foar in grutte rûpepleach. It waar fan de ôfrûne moannen hat ideaal west foar de rûpen. Troch de droege winter en de waarme maitiid is in grut oantal aaikes al útkaam. De bisten kinne gjin kwea, mar frette wol beammen en blommen keal.

Neffens Steatsboskbehear is it op guon plakken sa slim dat it alwer hjerst liket. Allinnich rein en kâld waar kin de pleach noch ôfremje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)