Driigjende man út kroech set

18 jul 2011 - 10:24

In man fan 26 jier is sneintenacht op de Nieuwe Weg yn Ljouwert oppakt foar bedriging. De man hie earder dy nacht yn in hoarekasaak yn de Oude Doelesteeg in oare besiker mei in mes bedrige. In portier sette de man de saak út. De fertochte bedrige dêrop ek de portier. Dêrnei naaide er út.

Ien fan de kroechbesikers folge him en warskôge de plysje. Dy koe him oanhâlde. By it fûllearjen fûnen de plysjes in mes. Dat is yn beslach naam. De fertochte sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)