Driigjende leechstân plattelân

06 mrt 2014 - 19:37

De kommende 15 jier komme yn it Fryske bûtengebiet hûnderttûzenen kante meters oan bedriuwsgebouwen leech te stean. It giet om bedriuwen fan boeren dy't der mei ophâlde en gjin opfolger fine kinne. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân giet it om mear as 300.000 m2. Lanlik giet it sels om hast 15 miljoen m2.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit yn opdracht fan it Innovatienetwerk fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Neffens it Innovatienetwerk hat dit grutte gefolgen foar de leefberens op it plattelân.

Gemeenten hawwe op dit stuit gjin passend antwurd op dizze problemen. It Innovatienetwerk ropt de gemeenten dan ek op om nei te tinken oer nije mooglike ynfollings foar dy boerebedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)